21 april 2023 de SUPER VAUTE BINGO

21 april de SUPER VAUTE BINGO mei Theun Plantinga

Freed 21 april: De SUPERVAUTEBINGO! Mei: Theun

Plantinga en DJ Dan Daniëls…€25.00, dat is ynkl.

bingokaarten! Dresscode: SUPERVAUT!!

Tickets te keap fia doarpshûs de Pipegael en 06-54227316 of info@depipegael.nl Fol is Fol.

25 november 2022 “BIJKE” Pier21

25 novimber 2022  “BIJKE” Pier21

Spiele troch Joke Tjalsma en Theun Plantinga

 

Oer mei elkoar wêze en allinne wêzen.

Agnes wennet al jierren by Rene? op de buert, mar gjin minsk hat in idee wat Agnes by de ein hat. Sy is slim op harsels. Agnes bemuoit har mei net ien en sjochst har noait op ‘e dyk. As har hûn Bijke op in dei syn oandacht lûkt, fynt René Agnes langút lizzend op de keukensflier. Hy is noch mar krekt op ‘e tiid. Agnes wurdt mei de ambulânse ophelle. Sa bedarret Bijke by Rene?. Hie hy earder mei har kontakt sykje moatten? Of wie it krekt goed dat er har gewurde liet, om’t sy net siet te wachtsjen op oare minsken? René begjint te twifeljen. Ek oan himsels. Uteinlik moat er tajaan dat er Agnes better begrypt as dat er earst trochhie en dat er mear op har liket as dat er wol.

Nei de grutte súksesfoarstellingen `Wat Soesto’, `It wie op in simmerjûn’ en `Feteranen’ giet de nije foarstelling fan Pier21, `Bijke’, op 14 oktober 2022 yn premjêre en is dêrnei rûnom yn Fryslân te sjen. In nij projekt fan it súksesfolle theaterduo Jos Thie (regy) en Bouke Oldenhof (tekst). Dit kear oer iensumheid.

Mei Joke Tjalsma (`It wie op in simmerjûn’ en `Marijke Muoi’) en Theun Plantinga (`Kneppelfreed’ en `Titus’). En mei Bobbie as spesjale gast yn de haadrol.

 

Bijke is te sjen yn doarpshûs de Pipegael op freed 25 novimber, kaarten fia:

https://www.vanplan.nl/uitje/pier21—bijke-doarpshs-de-pipegael-broeksterwld-39824826