29 april De Brekbere Sirkel

 

De Brekbere Sirkel
mei Gurbe Douwstra, Tet Rozendal en Wybo Smids. 

Een swingende Friestalige muziektheatervoorstelling over een schrijnende love- story vol Amerikaanse rootsmuziek met Tet Rozendal, Wybo Smids en Gurbe Douwstra.

 

Wie in de bioscoop niet ontroerd raakte bij de Vlaamse film The Broken Circle Breakdown (2012) moet haast wel van steen zijn. Regisseur Jan Arendz maakt er een Friese muziektheatervoorstelling van, een schrijnend liefdesverhaal vol Amerikaanse rootsmuziek.

Elise (Tet Rozendal) en Didier (Wybo Smids) beleven samen een vurige liefde. Maar als hun dochtertje ziek wordt en overlijdt ontvlamt Didier in woede en zoekt Elise troost. Wat gebeurt er als dat waar je het meest van houdt van je afgenomen wordt? Als het verdriet zo groot is dat je het niet hebt, maar dat je het bent. Elise vindt een uitweg. Ze beleeft haar finale. Ze treed nog één keer op, met Didier en hun band. Ze spelen nummers van Johnny Cash, Alisson Krauss, Emmylou Harris en Waylon Jennings.

Tet Rozendal en Wybo Smids schitteren in rollen die hun op het lijf geschreven zijn. De muzikale begeleiding ligt in de vakkundige handen van Gurbe Douwstra en zijn speciaal voor deze voorstelling samengestelde virtuoze vierkoppige band.

In de pers

Strak foarmjûn sentimint, ûnwjersteanbere muzyk. – Leeuwarder Courant

Bysûnder moaie muzikale jûn. – Friesch Dagblad

Credits

Regie: Jan Arendz
Friese vertaling: Marijke Geertsma
Geschreven door: Johan Heldenbergh & Mieke Dobbels
Foto: Lutske Veenstra

Kaarten verkrijgbaar in de foyer en via 0511-420635 of inf@depipegael.nl

€18,50 per stuk

13 december Jan Arendz en Marijke Geertsma spylje “it Jubileum”

It Jubileum Jan Arendz en Marijke Geertsma

It Jubileum
Jan Arendz en Marijke Geertsma

 

13 december yn Doarpshûs de Pipegael!

 

Jan Arendz en Marijke Geertsma

spylje harren eigen ‘Jubileum’

 

Yn desimber 2012 hawwe Jan Arendz en Marijke Geertsma nei 38 jier ôfskied nommen fan Tryater. Se giene lykwols troch mei it spyljen fan toaniel en dêrom steane se dus yn 2014 fjirtich jier op de planken. Om dit te fieren komme se mei in sels skreaun stik oer in akteursechtpear, dat ek jubilearret. Dy akteurs hawwe harren sechtichjierrich jubileum, yn 2034. De man (Jan) wol it unike jubileum fiere, de frou (Marijke) hat der gjin nocht mear oan.

Dizze foarstelling is foar in part basearre op de stikken, dy’t se spile ha en dy’t harren in skat oan ferhalen oplevere ha. Tagelyk ha dy stikken ynfloed hân op har deistich libben, lykas it akteurwêzen dat ek hân hat. Ommers, se binne net allinne kollega’s, mar ek en foaral man en frou. En net te ferjitten heit en mem fan twa bern, sels al pake en beppe. Dat allegearre hat ek de noadige ferhalen opsmiten.

Sa is ‘It Jubileum’ suver in kronyk wurden, net alllinne fan it (toaniel)libben fan in akteursechtpear, mar ek fan it Fryske kulturele libben, fan it feroarjende Fryslân. In kronyk fan it libben tusken 1974 en 2014, mar ek alfêst fan it libben – harren libben – tusken 2014 en 2034.

De rezjy fan ‘It Jubileum’ is yn hannen fan Bruun Kuijt, dy’t ek ‘Sterk Staaltsje’ regisearre hat. De foarstelling kin spile wurde yn alle lytse en grutte toanielsealen yn hiel Fryslân. Dat kin in boppeseal wêze, mar ek yn in seal fan in kultureel sintrum of fan in skouboarch. Koartom, yn al dy sealen en sealtsjes, dêr’t it jubilearjende echtpear Jan Arendz en Marijke Geertsma de ôfrûne fjirtich en de kommende tweintich jier spile hat.

Kaartferkeap fia: doarpshusdepipegael@live.nl of 0511-420635

En te ferkrijen yn de Foyer yn it doarpshûs.

Se binne 15.00 euro it stik (dit is incl: kofje of thee)