De Emigrant spilet op 28 oktober yn de Pipegael yn Broeksterwâld
De earste foarstelling fan Pier21 oer in Fryske emigrant, dy’t 50 jier lyn de oseaan oerstuts nei Kanada, opnij ferteld.
“My whole life homesick, noait wer werom west.”
De Emigrant komt nei 10 jier werom! Ta eare fan it jubileum fan Pier21 wurdt De Emigrant opnij ferteld, nei it orizjinele ferhaal fan Romke Toering, no regissearre troch Jos Thie. Mei Freark Smink, Theo Smedes en Amin Ait Bihi.
De Emigrant giet op 27 oktober 2023 yn premjêre en is dêrnei rûnom yn Fryslân te sjen.
De foarstelling spilet op 28 oktober om 20:00 bij ûs yn de Pipegael yn Broeksterwâld. Mis it net!
Oer de foarstelling De Emigrant
De foarstelling fertelt it ferhaal fan Sybolt de Haas, in Fryske emigrant dy ’t 50 jier lyn alleryl de oseaan oerstuts nei Kanada. Hy hat it as emigrant net maklik hân. Mar it is him slagge om in aardich grut en goedrinnend boerebedriuw op te bouwen.
De Haas is nea werom gien nei Fryslân. Hy woe net, seach der tsjinoan, wie der miskien wol bang foar. No ’t er pensjonearre is, is der de gelegenheid om gehoar te jaan oan de winsk
fan syn ferstoarne frou: hy makket in reis nei syn roots yn de Greidhoeke yn Fryslân. Syn soan moat foar it earst allinnich it bedriuw draaiende hâlde.Twa aventoeren tagelyk. De reis nei Fryslân wurdt foar de emigrant op alle flakken konfrontearjend.
Sjoch foar mear ynformaasje en beskikbere kaarten op ús webside: Ynformaasje: https://www.pier21.nl/voorstelling/de-emigrant-2023 Kaarten https://www.pier21.nl/tickets/de-emigrant-opnij-ferteld-kaarten