16 Januari 2015 Achmea Culpa spilet “Krimp”

foto Frans Andringa

 

ACHMEA CULPA SPILET “KRIMP”

16 JANUARI 2015 YN DOARPSHÛS DE PIPEGAEL.
Krimp

‘Krimp’ is de opfolger fan de súksesfolle produksjes ‘Katarsis’ en ‘Kredo’. Trije kroechteaterstikken skreaun troch keunstner Gerrit Breteler. De gefolgen fan de ynsette krimp op it Fryske plattelân biede genôch ynspiraasje om de besikers fan kafee ‘De Bûnte Bok’ harren ferhaal dwaan te litten.

Mei humor en tragyk, rymjende taal, skilderkeunst en bisûndere muzyk sil dizze foarstelling de taskôger ferliede ta neitinken, meidwaan en it útroppen fan:

‘Lift up thy voice, be not afraid’!

Kabaretier Jan Jaap v.d. Wal hat as regisseur fan ‘Krimp’ de linige wurking socht tusken it flotte stedske intellektualisme en it stoefe plattelânske temperamint. In nije útdaging foar de spilers Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma.

De ferneamde grimeur Arjan v.d. Grijn hat de akteurs wer bystien yn harren syktocht nei de personaazjes. Omdat de beide akteurs alle karakters spylje, moat der yn rap tempo fan rol wiksele wurde. Mei minimale middels in optimaal resultaat! Arjan wist wêr ‘t ‘r oan begûn:

“Da’s lache man”…………

 

 

Skriuwer: Gerrit Breteler

Rezjy: Jan Jaap van der Wal

Akteurs: Anke Bijlsma, Gerrit Haaksma

Produksje: Stifting Achmea Culpa

Produksjelieding: Anke Bijlsma

 

Kaartferkeap fia 0511-420635 of doarpshusdepipegael@live.nl en se binne fansels ek gewoan te ferkrijen yn it doarpshûs.

Geplaatst in Nieuws en getagd met , .