1,2,8 en 9 maart It Moat Kinne spilet “Fêstrûn”
Fjouwer freondinnen binne ûnderweis foar in jûntsje fuort en in lang wykein der achteroan.
Se toere, mei in tas fol kofje en broadsjes, troch de Fryske bosken, oant se fêst komme te sitten op in drekkich boskpaad.. Se klopje oan by in hûske dat der wat ferlitten útsjocht. Se tinke earst noch dat it in fakânsjehúske is, mar der blykt in boer te wenjen. At se freegje oft se de nachtoer bliuwe meie, stjoert de boer harren de neare nacht wer yn.
Mar se litte it der net by sitte en de boer draait by. Hy sil yn de skuorre sliepe, dan kinne de froulju de keamer brûke om harren del te jaan. Yn harren nijsgjirrigens begjinne de froulju troch it hûs te strunen, mar wat se dan fine..
Wat in gesellich wykein wurde soe, draait út op in nachtmerje! Mar froulju binne slim…
Kaarten via: www.itmoatkinne.nl
Locatie: Dorpshuis “De Pipegael” (vrije zitkeuze grote zaal)
Adres: Ds Feitsmawei 1
Plaats: Broeksterwâld