1,2,8 en 9 maart It Moat Kinne spilet “Fêstrûn”

1,2,8 en 9 maart It Moat Kinne spilet “Fêstrûn”

Fêstrûn: vrijdag 1 maart 2024

Fjouwer freondinnen binne ûnderweis foar in jûntsje fuort en in lang wykein der achteroan.

Se toere, mei in tas fol kofje en broadsjes, troch de Fryske bosken, oant se fêst komme te sitten op in drekkich boskpaad.. Se klopje oan by in hûske dat der wat ferlitten útsjocht. Se tinke earst noch dat it in fakânsjehúske is, mar der blykt in boer te wenjen. At se freegje oft se de nachtoer bliuwe meie, stjoert de boer harren de neare nacht wer yn.

 

Mar se litte it der net by sitte en de boer draait by. Hy sil yn de skuorre sliepe, dan kinne de froulju de keamer brûke om harren del te jaan. Yn harren nijsgjirrigens begjinne de froulju troch it hûs te strunen, mar wat se dan fine..
Wat in gesellich wykein wurde soe, draait út op in nachtmerje! Mar froulju binne slim…

Kaarten via: www.itmoatkinne.nl

Locatie: Dorpshuis “De Pipegael” (vrije zitkeuze grote zaal)

Adres: Ds Feitsmawei 1

Plaats: Broeksterwâld

10,11,17 en 18 maart 2023 toanielferiening It Moat Kinne spylet: SÛKELADE

10,11,17 en 18 maart  toanielferiening It Moat Kinne spylet: SÛKELADE

Foar wa fan swiet hâld mar ek oer pittich kin…. Sûkelade.

 

De tiid hat stilstien yn it Frânske doarpke Belcourt. De minsken hâlde dêr fan harren rêst, tranquillité.

Oant Rosanne en har dochter Anna in sûkeladery iepenje yn dit plakje.

Rosanne is op magyske wize bejêftige om foar elts de júste sûkelade te kiezen en sa befrijt se minsken fan harren ynsliepte rêst.

Mar net eltsenien smelt foar Rosanne.

De strikt katolike boargemaster sjocht syn macht ferdwinen en giet de striid oan tsjin dizze frisse wyn.

As der dan ek noch in frjemde swalker yn it doarp ferskynt slacht de romantyk en pasje ta…mar ek it fjoer.

 

Lit dy ferliede ta de smaak fan leafde en…….. sûkelade!

Kaarten te keap fia www.itmoatkinne.nl