10,11,17,18, 24 en 25 maart It moat kinne spilet “Lûnatik”

Toanielferiening It Moat Kinne Broeksterwâld/de Falom spilet dit jier it stik; Lûnatik!

In humoristysk stik basearre op de VPRO-serie Loenatik.

Lûnatik spilet him ôf yn psychiatrysk ynrjochting Sinnestriel, wêr’t de bewenners, ferpleging en direkteur Onno jimme op humoristyske wize meinimme yn harren núvere tiid yn it tehûs.

It binne mar frjemde fûgels, se binne eins allegear…. Te Gek!

In ekstraatsje wat regisseur Sander Kalsbeek tafoegt hat is de FryslânDOK kameraploech dy’t in dokumentêre meitsje sil oer Sinnestriel. By ûngelok binne se der krekt as direkteur Onno syn geheime plannen foar it ljocht komme.

Fansels is it nijs al gau bekend by de bewenners en dy betinke in healwiis plan wat eins te gek foar wurden is. Soe it wurkje?

Toanielferiening It Moat Kinne bestiet 29 jier en bringt nei in suksesfol dramastik The Griene Mile ( 8 op foarhân útferkochte jûnen en in útferkochte Harmonie) no in humoristysk stik.

Wy wurkje dit jier foar it earst mei regisseur Sander Kalsbeek. Hy hat yn septimber in rolferdieling makke en sûnttiid repetearje wy twa jûnen yn’e wike. Moandeis mei Sander en tongersdeis mei assistentregisseur Evert Rijpma.

Der spylje 10 persoanen yn dit stik.

De dekorploech hat it yn tuskentiid hiel drok mei in dekorstik dat technysk oanstjoerd wurde kin. In ferrassend element!

Klean, rekwisieten, techniek, grime, dekor, kaartferkeap, PR giet efter de skermen ek troch.

10, 11, 17,18, 24 en 25 maart spilet “it Moat kinne” LÛNATIK…….

10,11,17 en 18 maart uitverkocht, voor de voorstelling van 24 en 25 maart nog een aantal kaarten verkrijgbaar!

Kaarten verkrijgbaar via www.itmoatkinne en in de Foyer in het doarpshûs!

 

18 maart Reprize Feteranen-Freark Smink en Joop Wittermans

Feteranenlyts[1]

 

Pier21
Feteranen

Twa âlde feteranen ha altiten fochten foar de frijheid fan Fryslân. Tsjin wat of wa’t dy ek mar bedrige. En as it moat dogge sy dat sa wer! De ien wol noch altyd net foar de oar ûnderdwaan. Mei unifoarmen fol medaljes binne sy betinking nei betinking presint. Hoe lang noch?

De twa Fryske aktearkanonnen Freark Smink en Joop Wittermans spylje de beide feteranen yn dizze foarstelling, dêr’t hilariteit en brekberheid, werkenberheid en oerdriuwing elkoar ôfwikselje.

Bouke Oldenhof skreau de tekst, Jos Thie naam de regy op him.

Feteranen is, krekt as De Emigrant, in produksje fan Stichting Pier 21.

Twee oude veteranen hebben altijd gevochten voor de vrijheid van Fryslân. Tegen wie of wat die ook maar bedreigde. En als het moet, doen ze het meteen weer! De één wil nog altijd niet voor de ander onder doen. Met uniformen vol medailles zijn ze herdenking na herdenking present. Hoe lang nog?

De twee Friese acteerkanonnen Freark Smink en Joop Wittermans spelen beide veteranen in deze voorstelling, waarin hilariteit en breekbaarheid, herkenbaarheid en overdrijving elkaar afwisselen.

Bouke Oldenhof schreef de tekst, Jos Thie regisseert.

Feteranen is, net als De Emigrant, een productie van Stichting Pier 21.