Wa binne dochs dy doarpshûsbehearders? Ik soe sizze: ‘come in, and find out’. Wy ha mei Janco en Tjitske yn petear west en koene dêr dit ferhaal út optekenje.
Trivia
Wy binne efkes yn petear mei Janco en Tjitske fan Dijk. Janco is berne (ja, wier!) yn Stiens op in dei yn 1970. Hokker dei wol hy net sizze, it skynt dat der net genôch romte yn hûs is om alle kaarten in plakje te jaan. Janco en Tjitske binne al in hiel skoft troud (sadra hja it jier wêr betocht ha, sette wy dat hjir by! En dat is by dizze tasein!). Tegearre, want dat is hjoed de dei net mear fanselssprekkend, binne hja de grutske heit en mem fan twa jonges, Albert en Jorrit Tabe. Prachtige mannen, it goede fan heit, de rest komt earne oars wei seit Janco. Tjitske fynt dat ek, mar dan krekt oarsom. Yn harren frije tiid (it skynt dat dat der noch is) lústert Janco graach nei muzyk, fynt hy iten siede moai wurk en binne se beide sljocht om op fakânsje te gean. Tjitske neamt har wurk en it lêzen fan in goed boek ek noch as hobby’s. Eartiids, yn de goede âlde tiid, wie Janco in ferwoed ‘survivaler’, mar dat is troch de oare drokte wat op in leger pitsje kaam te stean. Wol kin der de doe learde survivaltechnyken tapasse yn syn hjoeddeistige libben. Foaral ta te kinnen mei wat minder sliep…
Aventoer
Foardat dit doarpshûs aventoer begûn wie Janco sawat syn hiele wurkseme libben yn de supermerkwrâld dwaande, de lêste trije jier by Poiesz supermarkten as regiolieder. Oant de dei kaam dat hy tocht ‘no moat de regio him sels mar liede, dizze jonge is ta oan syn jongesboekaventoer’. Al in stikmennich jierren hie ik it der oer hân om behearder te wurden fan in akkemedaasje lyk as dit doarpshûs. En doe’t dizze kâns him foardie hjir op de Broek, fielde dat as de jackpot. Tjitske stipet him hjiryn, al is it dan Janco syn dream, ek sy fynt it geweldich. Tjitske fertelt; ‘dat moat fansels ek wol want oars redst dit net op, ik probearje safolle as mooglik te helpen. Neist it doarpshûs ha ik ek noch myn wurk as winkelmanager fan 2 Etos winkels’. Wy sille mar net sizze dat dat de winkels yn it MCL en yn Dokkum binne, soks kin noch wolris as reklame sjoen wurde.
Takomst
Oer de takomst fertelt Janco: ‘myn haaddoel is om fan it ús doarpshûs de twadde hûskeamer fan alle ynwenners fan Broeksterwâld en de Falom te meitsjen. It sukses fan de earste jierren troch te setten en út te wreidzjen. Wy hawwe, seker troch de ynset fan alle frijwilligers, in prachtich moai doarpshûs krigen, en dat moat brûkt wurde!’ Tjitske slút har hjir folslein by oan, ‘it moat in echt doarpsthús foar eltsenien wêze’.