30 april Jimmy Costello

Jimmy-Costello_LR-207x300[1]

Yn 2016 giet Theo Smedes (bekend fan De Emigrant) solo yn de foarstelling Jimmy Costello, in ferhaal dat him ôfspilet yn Nij-Seelân yn de jierren ’50. Jimmy is in autodief dy’t syn karriêre ûnskuldich begjint mei it stellen fan molkejild, mar troch syn lettere dieden meardere kearen yn ‘e finzenis belannet én ûntsnapt. Hy wit dêrmei dagen oant wiken út de hannen fan de plysje te bliuwen en kriget dêrtroch de sympaty fan it folk, mar just troch syn heldestatus stiet him úteinlik in swiere straf te wachtsjen.

Jimmy Costello is in Frysktalige teatermonolooch dy’t oarspronklik skreaun is troch de Nij-Seelânse skriuwer Tim Balme en basearre is op wierbarde feiten. Yn dizze foarstelling nimt de betsjutting fan frijheid en it ûntflechtsjen fan ferantwurdlikens in sintraal plak yn. Hoe fier kin immen gean yn it nimmen fan frijheden en hoe reagearret it kollektyf hjirop?

Kaarten te ferkrijen fia info@depipegael.nl / 0511-420635 en yn de Foyer

15.00 euro per stik.

 

18 maart Reprize Feteranen-Freark Smink en Joop Wittermans

Feteranenlyts[1]

 

Pier21
Feteranen

Twa âlde feteranen ha altiten fochten foar de frijheid fan Fryslân. Tsjin wat of wa’t dy ek mar bedrige. En as it moat dogge sy dat sa wer! De ien wol noch altyd net foar de oar ûnderdwaan. Mei unifoarmen fol medaljes binne sy betinking nei betinking presint. Hoe lang noch?

De twa Fryske aktearkanonnen Freark Smink en Joop Wittermans spylje de beide feteranen yn dizze foarstelling, dêr’t hilariteit en brekberheid, werkenberheid en oerdriuwing elkoar ôfwikselje.

Bouke Oldenhof skreau de tekst, Jos Thie naam de regy op him.

Feteranen is, krekt as De Emigrant, in produksje fan Stichting Pier 21.

Twee oude veteranen hebben altijd gevochten voor de vrijheid van Fryslân. Tegen wie of wat die ook maar bedreigde. En als het moet, doen ze het meteen weer! De één wil nog altijd niet voor de ander onder doen. Met uniformen vol medailles zijn ze herdenking na herdenking present. Hoe lang nog?

De twee Friese acteerkanonnen Freark Smink en Joop Wittermans spelen beide veteranen in deze voorstelling, waarin hilariteit en breekbaarheid, herkenbaarheid en overdrijving elkaar afwisselen.

Bouke Oldenhof schreef de tekst, Jos Thie regisseert.

Feteranen is, net als De Emigrant, een productie van Stichting Pier 21.

5,6,12,13,19,20,26 en 27 febrewaris spilet It moat kinne” The Griene Mile”

wpfcc87b73_05[1]

5,6,12 ,13, 19, 20, 26 en 27  Febrewaris  spilet It Moat Kinne “THE GRIENE MILE” Yn Doarpshûs de Pipegael.

Toanielferiening It Moat Kinne út Broeksterwâld/De Falom spilet 5,6,12 13,19,2026 en 27  febrewaris it stik The Griene Mile, nei it boek The Green Mile fan Stephen King. ( wat letter ferfilme is mei yn’e haadrol Tom Hanks)   The Griene Mile spylet sich ôf yn’e finzenis, jierren 30, in stik fol drama en humor. Hoe reagearret ien dy’t ûnskuldich yn’e finzenis bedarret? Hoe gean oare finzenen hjirmei om? Bestean der nog wûnderen? In ferhael mei emoasje, passy en magie!   Kaarten te krijen fia www.itmoatkinne.nl en yn doarpshûs de Pipegael Broeksterwâld.